'Antonius bêste sikehûs'

25 sep 2002 - 00:00

It Antonius-sikehûs yn Snits is it bêste sikehûs fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it wykblêd Elsevier. Middelgrutte sikehûzen as it Antonius soene heech wurdearre wurde as it giet om pasjint-freonlikens en it gearwurkjen mei húsdokters. Se dogge it dêryn better as akademyske sikehûzen.

Elsevier hat meiïnoar 65 sikehûzen sifers jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)