IBR-intings 'op ferkearde plak'

© Omrop Fryslân
De previntive intings dy't de ôfrûne jierren jûn binne tsjin kowegryp (ibr) en tongblier (mkz) binne net goed útfierd. Dat seit heechlearaar Dier en Recht Boon fan de Universiteit Utrecht.
Yn totaal binne der 1,5 miljoen bisten yninte. De faksinaasje hie ûnder de hûd wêze moatten, wylst der faak yn de spieren fan de kij en skiep spuite is. Dat stiet yn de bysluter.