Bestjoerskrisis liedt ta brek

© Omrop Fryslân
De Stifting Tsjin Sinleas Geweld Fryslân seit alle gearwurking mei de Stichting Groningen Veilig op. Beide organisaasjes soene sneon tegearre in nasjonale dei tsjin sinleas geweld organisearje. Troch in bestjoerskrisis by de Grinzers is de organisaasje lykwols yn it wetter fallen.
De Fryske stifting is poer en wol net mear gearwurkje mei de Grinzer stifting.