Botsing by ferkearsrûzje

10 mrt 2012 - 14:54

De plysje siket tsjûgen fan in ferkearsrûzje yn Drachten. Op de Noarderhegewei krigen dêr tongersdeitemoarn twa automobilisten spul by de stopljochten by de McDonalds. De iene ried yn in reade Volvo C30, de oare yn in swarte auto, nei alle gedachten in Honda Civic.

De swarte auto hie efkes dêrfoar op de A7 en de Suderhegewei foar gefaarlike sitewaasjes soarge. Foar de stopljochten kaam er yn botsing mei de Volvo, mar ried doe troch. De plysje wit yntusken wa't de bestjoerder is, mar wol graach mei minsken prate dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
botsing ferkearsrûzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)