Frysk sûnensbelied kin better

© Omrop Fryslân
De 31 Fryske gemeenten dogge te min oan it ûntwikkeljen fan goed sûnensbelied. Dat fynt de GGD Fryslân. It ryk ferplichtet gemeenten fan july 2003 ôf om in goed gemeentlik sûnensbelied te hawwen.
Om dêrby te helpen skreau de GGD yn gearwurking mei sân Fryske gemeenten in basisnota dy't gemeentebestjoerders brûke kinne by it meitsjen fan belied.