Warstienzer doarpshûs yn tsjerke

24 sep 2002 - 00:00

De 41 ynwenners fan Warstiens wolle in eigen doarpshûs yn de tsjerke. Dy soe dan wol wetterlieding, in keukenblok en in húske krije moatte. Dy ferbouwing soe dan tagelyk dien wurde moatte mei de grutte renovaasje fan de tsjerke dizze hjerst. It jild is al tasein.

De tsjerke yn Warstiens is bysûnder omdat itde iennichste yn Fryslân is dy't mei it skip nei it easten stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)