Aksje noardlike leden tsjin FNV

© Omrop Fryslân
Leden fan FNV-bondgenoten yn Noard-Nederlân driigje har lidmaatskip op te sizzen. Se wolle dat dwaan út protest tsjin de plannen om it FNV-regiokantoar yn Grins te sluten.
Fanwege besunigings by it fakbûn moat it kantoar yn Grins ticht en sil Noard-Nederlân oanstjoerd wurde fanút de kantoaren yn Deventer en Woerden. It inisjatyf fan de aksje leit by Avebe.