PvdA poer op Margreeth de Boer

© Omrop Fryslân
Boargemaster De Boer fan Ljouwert hat har de lilkens fan de PvdA-top op 'e hals helle. Se moast ûndersyk dwaan nei it falen by de ôfrûne ferkiezings, om ta in dúdlike takomstfisy te kommen.
Neffens De Boer hie de partij Melkert weromlûke moatten as Kok syn opfolger nei it detastreuze debat mei Fortuyn. It rapport is te iensidich en te folle op de persoan, fynt de partijtop.