Koornbeurs wol fierder groeie

© Omrop Fryslân
Teater De Koornbeurs yn Frentsjer wol útwreidzje. De skouboarch is sûnt de lêste ferbouwing, noch mar fiif jier lyn, al wer út syn jaske groeid.
Neffens direkteur Douma kin de grutte seal groeie fan 360 nei 500 plakken. Dêrfoar soe der in balkon yn komme moatte, foar 3,5 ton. Nei in ferbouwing wol De Koornbeurs graach 'gruttere' artysten programmearje.