Prehistoaryske skyldpodden fûn

23 sep 2002 - 00:00

Tusken Easterwâlde en Donkerbroek binne de resten fûn fan moerasskyldpodden fan 7000 jier âld. De bisten binne nei alle gedachten troch jagers fongen en opiten. De resten lizze by it beekje Boppetsjonger op in stik boerelân.

De argeologen troffen ek oerbliuwsels fan bevers en oeroksen oan. De opgravings fine plak sûnt fjouwer wiken, dizze wike foar it lêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)