Misferstân oer De Hemrik

21 sep 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert moat it doarp Hemrik yn Opsterlân helpe. Dat fynt de VVD yn Ljouwert. Geregeld komt it foar dat frachtweinen nei it doarpke ride, wylst se op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert wêze moatte.

In oplossing soe wêze de Fryske doarpsnamme De Himrik te brûken. Mar dat is de gemeente Opsterlân te djoer. Ljouwert moat helpe, sa seit de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)