'Stipe Hearrenfean no wichtich'
Supportersferiening Nieuw Noord fan SC Hearrenfean ropt alle fans op om de club safolle mooglik te stypjen. Oanlieding foar de oprop is it 3 - 0 ferlies, tongersdei tsjin National Boekarest. De supporters wurde dan ek oproppen manmachtich nei de thúswedstriid tsjin Boekarest te kommen. Der is in spesjaal fak ynromme foar Nieuw-Noord-leden.