Ien op de twa seehûnen giet dea

© Omrop Fryslân
It distemperfirus hat yn Nederlân al oan mear as 1500 seehûnen it libben koste. Yn hiel Europa binne no 15.000 bisten ferstoarn oan 'e sykte. Begjin dizze wike spielden op Skiermûntseach inkele tsientallen deade seehûnen oan. Minister Veerman fan Lânbou en Natuerbehear ferwachtet dat ien op de twa seehûnen deagiet. Yn Nederlân bliuwe sa'n 2500 seehûnen oer.