'Kabinet komt ôfspraken net nei'

© Omrop Fryslân
De Noardlike provinsjes moatte easkje dat it kabinet ôfspraken neikomt oer stipe. Dat fynt de Sosjaal-Ekonomyske Advysrie Noard-Nederlân (SEAN). Dêryn sitte wurkjouwers, fakbûnen en grutte gemeenten.
Benammen it ferdwinen fan Melkertbanen is in klap foar it Noarden, neffens de SEAN. Mei goed belied kinne gemeenten dy banen dochs behâlde.