Coopmanshûs net brânfeilich

© Omrop Fryslân
De boppeferdjipping fan museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer foldocht net oan de regels foar brânfeiligens en is ôfsletten foar it publyk. Dat is ien fan de maatregels dy't de gemeente Frjentsjerteradiel nommen hat nei in ynspeksje fan de brânwacht.
Binnen in wike moatte der in tal oanpassings komme om de feiligens foar besikers en personiel te garandearjen.