Kontrakt levering iten yn soarch
Tweintich Fryske soarchorganisaasjes hawwe in miljoenekontrakt tekene mei Van Hoekel Grootverbruik foar de levering fan libbensmiddels. Van Hoekel is in dochterûndernimming fan gruthannel Sligro.
Trije jier lang sille fanút de Sligro-festiging yn Drachten meielkoar 46 soarchlokaasjes befoarriede wurde. It giet om in kontrakt fan 15 miljoen.