Hearrenfean hurd ûnderút

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean is tongersdei hurd ûnderút gien yn de útwedstriid tsjin National Boekarest. Foppe syn mannen ferlearen har earste UEFA-cup wedstriid kânsleas mei 3-0. De minne foarm yn 'e kompetysje waard dus fuortset.
Al nei seis minuten rûnen de Feansters achter de feiten oan doe't Curt 1-0 makke. Ilie skoarde út in strafskop nei hands fan Klompe en Olah makke de 3-0.