Fryske Kameleonfilm nei festival

© Omrop Fryslân
De makkers fan 'e Fryske Kameleonfilm wolle de film net langer yn 'e klûs hâlde. De Fryske premiêre fan 'e persiflaazje 'De Kameleon sjocht yn it waar' is op sneon 9 novimber op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert.
Dêrnei giet de film op net-kommersjele basis doarpshuzen by del. Utjouwerij Kluitman drige earder al mei juridyske stappen. Dêr kin it no ek op útdraaie.