Trotwaer wurdt 'De Moanne'

© Omrop Fryslân
It 33 jier âlde literêre Fryske tydskrift Trotwaer feroaret yn in algemien-kultureel opinyblêd. It krijt de namme De Moanne'. Takom tongersdei ferskynt it blêd mei it nije gesicht yn in oplage fan 350 nûmers.
De provinsje hat foar 4 jier subsydzje tasein en wol dat it tal abonnees alle jierren mei 100 tanimt. It fernijde blêd ferskynt 10 kear yn it jier.