Jongeren frege as frijwilliger

© Omrop Fryslân
Jongeren yn Fryslân wurde oproppen frijwilliger te wurden yn de soarch. Mei in grutte kampanje besiket de Koördinaasje Frijwillige Thúshelp en Mantelsoarch de jongerein safier te krijen har yn te setten foar oaren.
De frijwilligers wurde frege foar in besite, in boadskip, putsjes, foarlêze en neam mar op. De studinten kinne mei dat wurk stúdzjepunten fertsjinje.