Karavankonflikt noch net oplost
Der is noch gjin oplossing foar it karavankonflikt yn Boalsert. De gemeente hat it skikkingsfoarstel fan de rjochter ôfkard.
De famylje Vermaning wennet mei twa karavans oan de Warkumertrekfeart. De gemeente wol him derwei hawwe. De saak komt no op 'e nij foar de bestjoersrjochter. De Ried fan Steat docht takom jier in definitive útspraak.