Gemeente akkoart mei Sportstêd
De realisaasje fan Sportstêd Hearren- fean is wer in stap tichterby. De gemeenteried stimde tiisdei yn mei in 'Garantstelling'. Dy is nedich omdat de Bank Nederlandse Gemeenten oars beswier meitsje kin tsjin in liening fan 25 miljoen euro foar de sportstêd.
Woansdei praten Provinsjale Steaten oer in bydrage fan 19 miljoen euro foar sportstêd Hearrenfean.