Jong Hearrenfean wint wol

17 sep 2002 - 00:00

Jong Hearrenfean hat moandei mei 0-3 de lestige útwedstriid fan Jong FC Utrecht wûn. De einstân waard al yn 'e earste helte berikt troch goals fan Marc Jan Fledderus (2x) en Martijn Barto. Fledderus en Barto wiene súksesfol mei skotten fan bûten it strafskopgebiet.

Nei it skoft kontrolearre Hearrenfean de wedstriid sûnder problemen, Utrecht waard net mear gefaarlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)