Nijpels:aksje tsjin miljeubelied

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels hat it inisjatyf nommen foar in protest tsjin it lanlik miljeubelied. Hy hat in iepen brief stjoerd oan premier Balkenende wêryn er protestearret tsjin it ôfskaffen fan de heffingskoarting oer it rendemint op griene belizzings.
De brief is ek ûndertekene troch in tal oare âld-miljeuministers: Pronk, Alders, De Boer en Winsemius.