Tiemersma topper yn Sutelaksje

© Omrop Fryslân
It meast ferrassende boek fan de rinnende Sutelaksje is it literêre debút fan Koos Tiemersma: De ljedder. It boek is foar dizze wike útroppen ta Boek fan de Wike, mar no al liket it ien fan de toppers te wurden.
Ek in bestseller is de tredde misdied- roman Kûgels foar Kant fan Sietse de Vries. By de berneboeken springe Auck Peanstra en Lida Dykstra der út.