'Hegemermar moat beskerme wurde'
De Hegemermar, de Idzegeaster poel en noch fjouwer oare wetters hearre beskerme te wurden ûnder de Europeeske Fûgelrjochtline. Dat docht bliken út fûgeltellingen fan de Fryske Feriening fan fjildbiology.
Foar de wettersport soe it beskermjen fan dy wetters gjin gefolgen ha neffens de ûndersikers, om't de measte fûgels dêr winterdeis te finen binne.