Subsydzje foar sinnepanelen

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hopet dat, njonken de Hollanderwyk, mear wiken yn de stêd gebrûk meitsje sille fan sinne-enerzjy. De gemeente hat dêr jild foar oer, sa sei wethâlder Hafkamp freedtemiddei yn de Hollanderwyk.
Yn dy wyk hawwe 60 hierhûzen sinnepanelen op it dak. Dy binne dizze simmer pleatst. De bewenners ha dêrfoar subsydzje krigen fan 'e gemeente.