Priis foar Hendrik ten Hoeve
Foarsitter Hendrik ten Hoeve fan de Ljouwerter wurkgroep Nasjonale Monumintedei hat sneon in priis krigen fan de Maatschappij voor het Nut van het Algemeen.
Ten Hoeve krige de priis fan 4500 euro foar syn jierrenlange fertsjinsten foar histoarysk en kultureel Ljouwert. De priis waard útrikt by de iepening fan Nasjonale Monumintedei.