Fryske wurkleazen posityf

© Omrop Fryslân
Fryske wurkleazen binne positiver oer de kâns dat se wer in baan krije as wurkleazen yn de rest fan it lân. Friezen skatte de kâns op wurk op sawat 50 persint. Lanlik is dat 36 persint.
It optimisme fan de Friezen sa't dat út de wachtkeamerenkête fan it FNV bliken docht, is opfallend. Yn it noarden is it krekt dreger om oan wurk te kommen as yn de rest fan Nederlân.