Weening wer yn kopgroep
Pieter Weening ried tongersdei wer foaryn mei yn 'e achtste etappe fan 'e Tour de l'Avenir. Yn 'e etappe fan Besse nei La Chaise-Dieu waard Weening fjirde op 14 sekonden fan 'e Spaanske winner Xavier Florencio.
Yn it klassemint gie Weening wer in plakje omheech. De Harekiet stiet no sande op 30 sekonden fan giele trui-drager Evgeni Petrov.