Miskien dochs subsydzje skipsbou

© Omrop Fryslân
Minister Heinsbroek fan Ekonomyske Saken sil besjen oft er dochs oerheidsstipe jaan kin foar de skipsbou. Heinsbroek hie earder sein dat dêr gjin jild foar wie.
Mar nei in spoeddebat tongersdeite- middei, hat de minister tasein om de kwestje fierder yn it kabinet te besprekken. De skipsbou, dy't benammen yn it Noarden festige is, hat it dreech.