100 kandidaat-steateleden PvdA
Der binne mear as hûndert minsken dy't út namme fan de PvdA lid wurde wolle fan Provinsjale Steaten. Dat is de helte mear as fjouwer jier lyn. De PvdA hat in skoftsje lyn advertinsjes set yn de twa Fryske kranten om nije steateleden te krijen.
Dêr ha 40 minsken op reagearre. Partij-ôfdielings ha ek nochris 60 minsken foardroegen.