Yllegale gebouwen moatte fuort

© Omrop Fryslân
In pear yllegale gebouwen op it jacht- haventerrein Iselmar oan de Plattedyk op 'e Lemmer moatte ôfbrutsen wurde. Mei dy útspraak jout de Ried fan Steat de gemeente Lemsterlân gelyk. Dy hie it bedriuw earder al opdracht jûn de gebouwen ôf te brekken.
It giet ûnder oaren om in oerdekt terras en in bergingsromte. Se binne boud ynstriid mei it bestimmingsplan.