Weening twadde yn berchetappe
Pieter Weening finishte woansdei as twadde yn 'e earste berchetappe fan 'e Tour de l'Avenir. De Harekiet makke troch syn goeie útslach op 'e nij in sprong yn it klassemint. Yn it klassemint stiet Weening no achtste, op in heale menút fan de giele trui.
De etappe fan Guéret nei Superbesse waard wûn troch it Baskyske talint Silloniz.