Miljoeneclaim yn saak radars

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter advokaat Sleijfer tsjinnet mooglik in miljoeneclaim yn by it Ryk út namme fan de twa grutste leveransiers fan radardetektoaren. Mei sokke apparaten kinne snelheids- kontrôles opspoard wurde.
Haadoffisier Spee fan justysje kundige ferline jier in wet oan dy't it gebrûk fan radardetektoaren ferbiedet. De omset fan de bedriuwen rûn doe tebek.