Alde wylgebeam om 'e nocht kapt

© Omrop Fryslân
In monumentale wylgebeam fan hast hûndert jier âld is om 'e nocht delhelle. De beam stie yn it Rengers- park yn Ljouwert. Hy waard kapt om't er neffens de gemeente siik wie. De beam wie oantaaste troch de swevelswam.
Undersyk fan de Bomenstichting hat útwiisd dat de beam behâlden wurde kinnen hie. Hy hie noch jierren stean kinnen as de beam knot wurden wie.