Knegt fyfde op 500 meter

10 mrt 2012 - 13:49

Sjinkie Knegt út Bantegea is sneon by it WK shorttrack yn Shanghai fyfde wurden yn de finale op de 500 meter. Knegt ferlear by it yngean fan it lêste rûntsje it lykwicht en gong ûnderút. De winst wie foar de Kanadees Olivier Jean.

Knegt is de regearjend Europeesk kampioen. Hy stiet nei twa ôfstannen op it sechsde plak yn it klassemint. Dêrmei is de Bantegeaster sa goed as wis fan in plak yn de superfinale oer 3000 meter op snein. De bêste acht riders sille dan de punten ferdiele foar de wrâldtitel.

It Nederlânske manljusteam mei Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt hat in plak yn de finale op it ûnderdiel relay ôftwongen. Yn de finale nimme de manlju it snein op tsjin wrâldkampioen en Olympysk kampioen Kanada, Japan en Súd-Koreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)