Sanearing farwetters ûnder druk

11 sep 2002 - 00:00

It skjinmeitsjen fan de Hearesleat en de Kompanjonsfeart op It Hearrenfean giet foarearst net troch. De provinsje hat minder jild fan it ministearje fan VROM krige foar sok wurk. Dêrmei gean projekten nei it jier 2004 op slot.

Fryslân hie foar 30 miljoen oan sok wurk op de rol te stean. Fanwege de lytsere VROM-bydrage kin mar foar 25 miljoen no ek echt útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)