Dûbele hypoteek komt mear foar

10 sep 2002 - 00:00

Hieltyd mear Friezen bliuwe mei twa hûzen sitten om't se harren âlde hûs net ferkeapje kinne. Troch de minne huzemerk steane hûzen langer te keap en sitte hûseigners mei in dûbele hypoteek.

Foar guon eigners sit der neat oars op as njonken har âlde hûs ek it nije te keap te setten. Makelaar Jaap Kingma ferwachtet dat de huzeprizen noch mear stabilisearje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)