Snijtech werom nei eigen gebou

10 sep 2002 - 00:00

It plaatferwurkingsbedriuw Snijtech op 'e Jouwer, dat heal augustus ôfbaarnd is, set takom wike wer út ein mei de wurksumheden yn it âlde gebou. Sûnt de brân op 12 augustus wurke it bedriuw yn it gebou fan kollegabedriuw Multi Metaal op It Hearrenfean.

De wurknimmers fan Snijtech wurken dêr op jûntiid. By it gebou op 'e Jouwer binne no in pear needgebouwen delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)