Goutumers tsjin mear wenningbou

10 sep 2002 - 00:00

Ynwenners fan Goutum binne tsjin op mear wenningbou oan de súdkant fan it doarp. Ek binne se net wiis mei de plannen om dêr in grut fuotbalkompleks oan te lizzen.

Yn it bestimmingsplan dat moandei oan de Goutumers presintearre waard, krijt fuotbalferiening Blau Wyt by Goutum in nije akkomodaasje. De Goutumers binne foaral benaud foar noch mear ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)