Ien buro foar jeugdsoarch
Der komt ien buro yn Fryslân dat alle jeugdsoarch koördinearje moat. Op it stuit is der te min struktuer yn de jeugdsoarch. Minsken mei in helpfraach wurde te faak 'fan de muorre nei it sket' stjoerd.
De Twadde Keamer wurket no oan in wets- foarstel dat sa'n buro mooglik meitsje moat. Yn Fryslân is de provinsje al dwaande mei de tarieding fan sa'n buro.