Weening bliuwt by yn Frankryk

10 sep 2002 - 00:00

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema kin oant no ta goed meikomme yn de Tour de l'Avenir yn Frankryk. Yn de fyfde etappe kaam Weening moandei op 2 tellen fan 'e winner oer de streek. Yn it algemien klassemint stiet Weening op 59 sekonden fan de giele trui.

Dat seit net folle, want de berchetappes komme noch. De 'ronde fan 'e takomst' is oant en mei sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)