Wurk by Hemrik earder klear

09 sep 2002 - 00:00

It wurk oan de wei by De Hemrik yn Ljouwert is woansdei al klear. Dat is acht wike earder as de oarspronklike planning. Troch de wurksumheden binne der in soad ferkearsopstoppings yn it súdeasten fan Ljouwert.

Nei petearen mei de gemeente hat de oannimmer de ploech dy't oan de dyk wurket ferdûbele. Hoefolle oft dat de gemeente ekstra kostet is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)