Ferrassing foar fileriders

09 sep 2002 - 00:00

It is wer ris wat oars: in moarnsbrochje krije wylst je yn de file steane. Autoriders dy't by Goutum wachten om Ljouwert yn te kinnen oerkaam it moandeitemoarn. It iten waard oanbean troch in hotel oan de dyk.

De hotelmeiwurkers dielden fiifhûndert pûdsjes út mei in croissant en fruit. Foar de autoriders in aardige ferrassing, mar it bliuwt by ien kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)