André Laven 48ste yn Hamburch
Tri-atleet André Laven fan Drachten waard snein op syn earste World-Cup wedstriid yn Hamburg 48ste. Dat wie wat teloarstellend foar de Drachtster ûnderwizer, want it smiet gjin punten op.
Sadwaande is it noch net wis oft Laven oer fjirtjin dagen oan de folgjende wrâldbeker wedstriid yn Nice meidwaan mei.