'Merk Hearrenfean moat kreazer'

09 sep 2002 - 00:00

De sneonsmerk op It Hearrenfean moat oantrekliker wurde foar besikers. Dat is de konklúzje fan in rapport, makke yn opdracht fan de gemeente.

De merk ferhuzet meikoarten fan it Boargemeester Kuperusplein nei it âlde plak op it Gemeenteplein. Dat plein moat 'oanklaaid' wurde mei grien en banken. Boppedat meie de merkkeaplju dêr de auto der net mear parkeare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)