Oersjoch keatsnijs
De krânsen foar de manljushaadklasse giene snein nei Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Taeke Triemstra. Se fersloegen yn 'e finale it partoer Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra mei 5-3 en 6-0.
De froulju kamen sneon yn aksje yn Marsum. It partoer Marie Heida, Aukje Stenekes en Afke Hylkema wûn. De preemje gie nei Hibma, Algra en Westra.