Ravaazje troch oaljefanten

© Omrop Fryslân
In automobiliste (53) fan De Jouwer waard sneontenacht sa ôflaat troch in tal keunstoaljefanten by de wei dat se tsjin in lampepeal oan ried. Dat wie op de A6 fan Almere nei Lelystêd.
De peal bruts ôf en foel op de oare weihelte, wêrnei't der fjouwer auto's oerhinne rieden. De weinen moasten fuortsleept wurde. Dêrtroch ûntstie in file, dêr't in oare auto op yn ried.