Seizoen Henk Vlietstra ôfrûn

07 sep 2002 - 00:00

Haadklasse keatser Henk Vlietstra sil dit seizoen net mear yn aksje komme. Vlietstra hie de twifeleftige eare om as earste keatser in blauwe kaart te krijen. Dat barde op 11 augustus.

It berop fan de foarynse út Frjentsjer tsjin de skorsing fan twa wedstriden is troch de beropskommisje ôfwiisd. Dat betsjut dat hy snein yn Marsum en nije wike yn Ljouwert net keatse mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)